Oanhâlding foar te hurd riden

15 mrt 2008 - 14:13

De plysje hat yn de nacht nei sneon op de Suderseestrjitte op De Lemmer in 25-jierrige man oanhâlden fanwege te hurd riden. De man wie de plysje mei in auto hiel hurd foarby riden. Se gongen achter him oan om him oan te hâlden, mar de man reagearre net op in stopteken.

Uteinlik bleau er dochs stean. Twa passazjiers stapten út en rûnen hurd fuort. De bestjoerder koe oanhâlden wurde en is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)