Tal frijwilligers rint werom
Oeral yn de provinsje sitte frijwilligers achter it smoargens oan, mar it tal frijwilligers liket wol wat werom te rinnen. It is sneon lanlike himmeldei.
Yn nasjonaal park Lauwersmar binne in goede tritich, fjirtich minsken dwaande, mar dat ha der earder wol hûndert west. Yn Damwâld binne der bygelyks tweintich jongeren yn it spier.