Wettersteuring foarby

De wettersteuring yn de omkriten fan Wommels is foarby. Sneon om 12.00 oere ûntstie in lek yn in transportlieding. Dat lek siet ûnder wetter yn in dûker fan de Skerdyk, by Easthim. Meiwurkers fan Vitens ha it lek makke. Alle húshaldens waarden op in oare wize fan wetter foarsjoen.
Fral yn de buert fan Wommels duorre it lang foardat der wer wetter wie. By de supermerk yn Wommels is it foarferpakte wetter útferkocht.