Griene priis foar Hoogterp

© Omrop Fryslân
De stifting 'Bomenridders Leeuwarden' hat in oanmoedigingspriis yn it libben roppen. Dy is bedoeld foar minsken dy't har ynsette foar it behâld fan beammen en oar grien yn Ljouwert.
It earste eksimplaar fan de priis is útrikt oan riedslid Gerben Hoogterp fan Pal/GrienLinks. Hy hat him sterk makke foar it behâld fan beammen op it Saailân. Hoogterp fynt it ûnsin dat dy al fuort moatte, wylst de plannen foar de werynrjochting noch net rûn binne.