Flink wat jild foar sike Tom

14 mrt 2008 - 23:08

Twa benefytjûnen smite dit wykein tûzenen euro's op foar de 4-jierrige Tom Philips út Grou en der komme noch folle mear aksjes. Tom hat in slimme sykte dy 't net te genêzen is en dêr 't in soad oanpassings foar nedich binne yn en om it hûs.

De stifting Tom On the Move sammelet dêr jild foar yn. Bygelyks troch diners mei muzyk en in feiling. Doel is it keapjen fan in oanpaste auto sadat Tom mobyl bliuwe kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)