Boarnsterhim krijt 85 spartips

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Akkrum hat de gemeente Boarnsterhim freed 85 besunigingstips oanbean. De advizen komme fan de Akkrumers. De gemeente frege fanwege jildkrapte oan de ynwenners hoe't neffens harren de gemeente it bêste besunigje kin.
Akkrum organisearre in jûn dêr't de minsken tips ynbringe koene en wie dêrmei it earste doarp dat wat die mei dy fraach fan de gemeente. De oare doarpen hawwe noch net reagearre.