Soad earste ljipaaien fûn

Yn de gemeenten Boalsert en It Bilt binne freedtemoarn de earste ljipaaien fan dy gemeenten fûn. Yn Boalsert wie Witteveen de gelokkige. Hy fûn it aai yn in stik lân by syn neef oan de súdkant fan de stêd. It aai is yn ûntfangst naam troch boargemaster Vroegindeweij.
Op it Bilt wie it earste aai foar it duo Veenstra en Fopma. It aai wurdt freedtemiddei oanbean oan boargemaster Van der Werff.