Ein Veenhoopfestival driget

14 mrt 2008 - 11:19

De kâns dat it Veenhoopfestival dit jier troch giet op De Feanhoop wurdt hieltyd lytser. De organisaasje is noch drok dwaande om in nije lokaasje te sykjen. It terrein dêr't it festival oant no ta holden waard is troch beswieren fan ûndernimmer Theo de Groot net mear beskikber.

Neffens foarsitter Scholte fan it Veenhoopfestival is it hiel dreech om in nije lokaasje te finen. De Groot is der wis fan dat it festival oergiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)