Better plak brune float Skylge

© Omrop Fryslân
It oanlisplak foar de brune float op Skylge wurdt ferbettere. By de stegers oan de Willem Barentszkade komme ekstra punten dêr't elektrisiteit en wetter laden wurde kin. Ek wurdt it makliker om smoarch wetter te loazen.
It realisearjen fan de winske ferbetterings kostet sa'n 450.000 euro. De helte fan dat bedrach wurdt betelle troch de gemeente, de oare helte komt fan de provinsje.