Earste ljipaai Snits no ek fûn

© Omrop Fryslân
Jelle Plantinga út Snits hat freed om njoggen oere it earste ljipaai fan de gemeente Snits fûn. Plantinga fûn it aai yn it lân tusken Loaijingea en Snits achter de kamping. Boargemaster Brok hat it aai al yn ûntfangst naam.
Tjamme Valk fan Hallum hat tongersdei it earste ljipaai fan de gemeente Ferwerderadiel fûn. Valk fûn it aai yn in stik lân ûnder Wânswert. It aai wurdt freedtemiddei oanbean oan boargemaster Van den Berg.