Friezen sunich mei wetter

Friezen soene minder faak dûsje as oare Nederlanners
Friezen binne de ôfrûne jierren suniger wurden mei wetter. Wy ferbrûke yn trochsneed 104,3 liter deis. Fjouwer jier lyn wie dat noch 112,4 liter.
Friezen binne it sunichst fan it hiele lân. Dat komt foaral trochdat we koarter dûsje of minder faak yn bad gean as oare Nederlanners. Fierder brûke we faker wask- en ôfwaskmasjines en dogge we it minder mei de hân. Dat skeelt ek in soad yn it wetterferbrûk.