Nije fearboat kin net oanlizze

© Omrop Fryslân
De nije snelboat fan rederij Doeksen kin op de earste dei dat er fart noch net op Skylge oanlizze. It skip wurdt op 18 april foar it earst ynset yn de tsjinstregeling. It spesjaal op maat makke ponton is dan noch net klear.
De ôffearten om healwei fjouweren op 18 april en dy fan in wike letter binne dêrom annuleard. Doeksen set de Koegelwieck yn. Passazjiers fernimme neat fan it probleem, neffens de rederij.