Tichelaar hâldt funksje

13 mrt 2008 - 17:38

PvdA-fraksjefoarsitter Jacques Tichelaar herstelt goed fan syn bypassoperaasje. Ein jannewaris lei Tichelaar syn funksje del doe't dúdlik waard dat hy hertproblemen hie.

Al wiken geane der geruchten dat Tichelaar ferfongen wurde soe. Der wie krityk op syn funksjonearjen. Mar neffens de fraksjewurdfierder komt Tichelaar as hy better is wer gewoan werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)