Vandenbussche wol banksitte

13 mrt 2008 - 16:47

Keeper Brian_Vandenbussche fan SC_Hearrenfean wol de rest fan it seizoen leaver op de bank sitte as yn de basis stean. Vandenbussche sit neffens eigen sizzen al it hiele jier net lekker yn syn fel.

Hy hellet syn âlde nivo net. Dêrom hat er trainer Verbeek frege oft er de kommende tiid as twadde keeper fungeare mei, achter doelman Rob van Dijk. Vandenbussche sit freed tsjin Grins yn alle gefallen op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)