Soad fraach nei sinnepanielen

Troch de nije subsydzjeregeling binne de panielen wêr tige populair
Fan 1 april ôf hawwe minsken rjocht op in opwekfergoeding foar sinnepanielen. Dêrom wurdt sinnepanielenleveransier Hoekstra yn Suwâld platbelle troch minsken dy't sinnepanielen keapje wolle.
Minsken mei sinnepanielen krije nei alle gedachten in fergoeding fan 33 eurosint de kilowatoere én se meie fergees harren eigen stroom brûke. Yn april komt der mear dúdlikheid en dan sil de ferkeap pas echt los gean.