Guijt fan RBC nei Cambuur

13 mrt 2008 - 14:12

SC_Cambuur hat Danny_Guijt oernaam fan RBC_Roosendaal. De middenfjilder hat in kontrakt tekene foar trije jier. De 27-jierrige middenfjilder skoarde de ôfrûne twa jier achttjin kear yn de earste divyzje. Dêrfoar spile er mei RBC yn de earedivyzje en skoarde er trije kear.

Guijt begûn syn karriêre by Top_Oss. Dêr skoarde hy yn 4 seizoenen 26 kear. Guijt is nei Ruud_ter_Heide Cambuurs twadde oankeap foar it nije seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)