'Sollied definityf nei H'fean'

Trond Sollied wurdt neffens Flaamske media nije wike presintearre as de nije trener
SC_Hearrenfean sil nije wike de Noar Trond_Sollied offisjeel presintearje as nije haadtrainer. Dat meldt de Belgyske krante Het_Laatste_Nieuws. Hearrenfean hie Sollied eins noch dizze wike presintearje wollen, mar de advokaten fan de Noar en de club binne noch yn ûnderhanneling oer de lêste details fan it kontrakt.
Sollied is no noch trainer fan AA_Gent yn België. Gent en Hearrenfean sizze alle twa fan neat te witten.