Twa ynbraken by supermerken

13 mrt 2008 - 10:02

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei twa ynbraken yn supermerken op 'e Lemmer en It_Hearrenfean. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei brutsen ûnbekenden yn by in supermerk oan de Stasjonswei op 'e Lemmer.

In oere letter wie it raak op de Abe_Lenstra_Boulevard op It_Hearrenfean. Dêr waarden njoggen kompjûters stellen dy't noch yn 'e ferpakking sieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)