Priis foar Fryske laborante

© Omrop Fryslân
Laborante Alisia_Oosterhof fan sikehûs De Tsjongerskâns op It_Hearrenfean hat de Menzis_Transparante_Zorgprijs fan 2007 wûn. Se die mei in pear stúdzjegenoaten mei oan in skripsjewestriid fan de Hanzehogeschool yn Grins.
De winnende skripsje gie oer hoe't minsken dy't foar in longemboly troch de CT-scan moatte, minder bleatsteld wurde oan strieling. De laborante en har stúdzjegenoaten winne 2000 euro.