Namme fergetten bokser bekend

© Omrop Fryslân
De bokser J._Smit hiet eins Arij_Smit en waard yn 1907 berne yn Schiedam. Dat hat de dochter fan de man dy't yn 1924 meidie oan de Olympyske Spullen woansdeitejûn witte litten oan argivaris Ton_Bijkerk fan De_Fochtel.
Bijkerk woe graach mear witte oer de bokser, omdat er al sûnt 1990 gegevens sammelet oer alle Nederlanners dy't ea meidiene oan de Olympyske_Spullen. Dat binne der hast 2400. J. Smit wie de iennichste dêr't neat fan bekend wie.