Effekt winkel Súdlannen besjen
De gemeente Ljouwert moat goed neitinke oer de kar foar de winkels dy't yn de nije Ljouwerter wyk Súdlannen komme. Ut ûndersyk docht bliken dat grutskalige detailhannel dêr syn wjerslach hawwe sil op de oare winkels yn 'e stêd.
By de kar foar in grutte hypermarché binne de buert- en doarpswinkel de klos. As der wytguod- of kleansaken komme, hat de binnenstêd dêrfan te lijen.