Vadeko Flyers ferlieze

© Omrop Fryslân
De Vadeko_Flyers hawwe woansdeitejûn mei 3-0 ferlern fan de Tilburg Trappers. It wie de earste wedstriid yn de finalesearje om de nasjonale iishockeytitel. De Flyers spilen dominant, mar de Trappers hiene fanwege in powerplaysituaasje in man mear en koene wol skoare.
De finalesearje giet om de 'best of five'. De Flyers spylje harren twadde wedstriid sneontejûn op It_Fean en de tredde sneintemiddei yn Tilburch.