Plysje fiert gjin aksje mear

© Omrop Fryslân
De plysje hâldt op mei cao-aksjes. Neffens de fakbûnen is it maksimale resultaat berikt. Der is gewoan gjin jild mear. Tongersdei wurdt de leden foarlein oft se it lêste foarstel fan minister Ter_Horst akseptearje moatte of net. Neffens Henk_Hartgers fan it NPB soe it ûnferstannich wêze om net akkoart te gean.
By de plysjewurknimmers is mei fernuvering reagearre op it skrassen fan 'e aksjes.