John Jorritsma wurdt nije CdK

John Jorritsma
John Jorritsma (VVD) út Maarheeze wurdt de nije kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Dat hat de provinsje woansdeitejûn bekendmakke.
Jorritsma is 51 jier en is berne yn Boalsert. Hy is direkteur fan de Brabantse Ontwikkelingsmaatschappij. Hy is keazen om't er in goede netwurker is en minsken bine kin. Fierders hat er in soad bestjoerlike ûnderfining. Hy moat him ynsette foar de Fryske wurkgelegenheid.