'Regio baas Rykswettersteat'

12 mrt 2008 - 16:22

De provinsje wol de tsjinsten fan Rykswettersteat yn Fryslân oernimme. Troch sels de rezjy yn hannen te nimmen fan de oanlis fan diken en akwadukten kin de provinsje folle effisjinter wurkje.

Deputearre Galema slút net út dat de provinsje it wurk en ek de minsken fan Rykswettersteat oernimme sil. Galema sei dat woansdei by de presintaasje fan it Kaderbrief 2009, it provinsjaal ynvestearringsbelied foar 2009.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)