No ek earste aai Skarsterlân

12 mrt 2008 - 15:38

Wietse_Jan_Dijkstra fan Sint_Anne hat woansdeitemiddei it earste ljipaai fan de gemeente Skarsterlân fûn. Dijkstra (31) fûn it aai om healwei_twaen by Spannenburch ûnder Tsjerkgaast. It aai is oanbean oan boargemaster Kuiper fan de gemeente Skarsterlân.

Woansdei is ek it earste ljipaai fan Boarnsterhim fûn en wol troch Jan Harke Posthumus op syn 48ste jierdei. Posthumus komt fan Reduzum en hat it aai fûn by Friens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)