Grutte brân yn garaazje Snits

12 mrt 2008 - 14:57

Der is woansdeitemiddei in útslaande brân útbrutsen yn garaazjebedriuw Alle Auto's oan de Dryltserkade yn Snits. De brân ûntstie yn in auto bûtendoar. Troch de wyn is it fjoer oerslein nei it gebou. De korpsen fan Snits en Drylts bestride de brân. Der is mooglik ek asbest frijkaam.

By de brân giene twa loadsen ferlern: dy fan de garaazje en dy fan kringloopsaak Habbekrats njonken de garaazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)