De Tynje wol nij MFC

29 mrt 2012 - 11:43

De Tynje yn Opsterlân wol in multyfunksjoneel sintrum. Yn it nije MFC soe it doarp de twa basisskoallen, it doarpshûs, it pjutteboartersplak en de húsartsepraktyk ûnderbringe wolle. It doarp hat dizze winsk útsprutsen op it twadde doarpepetear yn it ramt fan it projekt Vitaal Opsterlân.

Omdat iepenbiere skoalle, doarpshûs en de húsartsepraktyk oan ferfanging ta binne sjocht foarsitter Mulder fan Pleatslik Belang ek wol mooglikheden om in Multyfunksjoneel Sintrum te realisearjen.

Foarsitter Mulder fan Pleatslik Belang fynt in nij multyfunksjeel sintrum belangryk om de foarsjenningen yn it doarp op peil te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)