Stoarm: gjin brêgebetsjinning

12 mrt 2008 - 12:10

De brêgen yn it Van Harinxmakanaal wurde net betsjinne fanwege de stoarm. Dat hat de provinsje witte litten. It hinget fan it ferrin fan de stoarm ôf hoelang de maatregel fan krêft bliuwt.

Rykswettersteat op de eilannen ferwachtet gjin grutte problemen troch de westerstoarm fan woansdei. De organisaasje hat dêrom noch gjin ekstra maatregels naam. Op it Waad wurde wynsnelheden ferwachte fan sa'n 115 kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)