Fjouwer tips yn saak-Igli

In Ljouwerter(42) sit fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan Igli
De plysje hat 4 tips binnen krigen oer de dea fan Ljouwerter Tefvik Igli(41) nei oanlieding fan in útstjoering fan Opsporing Verzocht, tiisdeitejûn.
Yn de útstjoering waard frege om tips oer twa manlju dy't nei de sjitpartij hurd fuortdraafd binne. De plysje wol witte wa't dizze persoanen binne en hat dêrom ek it signalemint fan de twa bekendmakke. In Ljouwerter(42) sit fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan Igli, mar de man ûntkent.