Jild provinsje nei jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
De provinsje ynvestearret de kommende jierren ekstra yn ûnder oare de jeugdsoarch, de oanpak fan alkoholmisbrûk en de fierdere útbou fan de ekonomyske kearnsônes A7 en Westergo. Dat stiet yn de kadernota foar it jier 2009, dy't woansdei op it provinsjehûs presintearre is.
De provinsje kin takom jier 70 miljoen euro ekstra ynvestearje. Dat jild komt ûnder oaren út de opbringst fan de NUON-oandielen.