Oanpak drankproblemen âlderein

12 mrt 2008 - 07:20

Riedsleden yn Dongeradiel meitsje har soargen oer it grutte tal âlderen yn de gemeente dat in alkoholprobleem hat. It tal âlderen dat tefolle drinkt leit yn Dongeradiel mei 41 prosint boppe it lanlik gemiddelde.

Tiisdei beprate de gemeenterie de oanpak fan drank- en drugsproblemen yn de gemeente. Dy oanpak rjochtet him benammen op jongeren. De riedsleden fregen it kolleezje ek in soad omtinken te jaan oan de âlderein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)