Minder fearboaten troch stoarm
Fanwege stoarmwaar en heech wetter farre der woansdei minder faak fearboaten tusken Harns, Skylge en Flylân. Dat hat rederij Doeksen besletten.
Troch de stoarm yn kombinaasje mei floed komme de oanlissteigers ûnder wetter te stean. De fearboat kin dan wol oanlizze, mar de passazjiers kinne net fan board ôf.