Snitser coaster noch op strân
It is bergers tiisdeitejûn net slagge om it frachtskip Artemis fan it strân by Les Sables D'Olonne wer yn see te lûken. De kabel tusken de sleepboat en it skip is stikken gien.
Woansdeitemoarn sil in nije poging dien wurde. It skip út Snits rekke moandei troch stoarmwaar fêst op it Frânske strân.