Geert Arend Roorda siik

11 mrt 2008 - 17:46

Middenfjilder Geert Arend Roorda fan de Sportclub Hearrenfean is de kommende wiken net ynsetber. De 20- jierrige fuotballer hat de sykte fan Pfeiffer.

It like der earst op dat Roorda lêst hie fan in grypke, mar nei bloedûndersyk die bliken dat it 'Pfeiffer' wie. De medyske stêf fan de Feansters tinkt dat hy it de kommende trije oant fjouwer wike kalm oandwaan moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)