Bijen bedrige troch sykte

11 mrt 2008 - 17:35

De takomst fan de bijen sjocht der min út. Se wurde bedrige troch in mysterieuze bijeferdwynsykte. Hiele folken ferdwine en net ien wit de krekte oarsaak. De sykte giet al in pear jier.

De ymkers yn Fryslân sitte dit jier mear oer harren beestjes yn as oars, om't der no al in soad spoarleas ferdwûn of dea binne. As it wat waarmer waar is, wurdt dúdlik hoe slim it no echt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)