Quilt fleuret Aldehou op

11 mrt 2008 - 17:29

De Aldehou krijt dizze hjerst in fleuriger oansjen. Hast de hiele foarkant fan de brike toer wurdt yn novimber behongen mei in enoarme quilt. In quilt is in trochstutsen lekken mei allegear lytse lapkes stof fan ferskate kleuren.

De quilt in inisjatyf fan Jagersma_Naaimachines út Ljouwert en it Quiltkabinet út Earnewâld. It is ûnderdiel fan in quilt-eksposysje dy´t novimber yn it Fries Museum te sjen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)