Twadde lokaasje foar Stenden

© Omrop Fryslân
Om de groei fan studinten oan te kinnen iepenet de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert meikoarten in twadde lokaasje. Oan it Herewaltje yn it sintrum wurdt op 28 maart de saneamde Student Lounge iepene. Dêr kinne de studinten telâne om te studearjen of om gebrûk te meitsjen fan bygelyks de kompjûters fan Stenden.
Stenden wol sa benammen temjitte komme oan de grutte fraach fan bûtenlânske studinten om mear stúdzjeromte.