Hearrenfean tefreden mei NOS

11 mrt 2008 - 12:33

De direkteur fan SC Hearrenfean, Yme Kuiper, is tefreden oer de oerienkomst mei de NOS oer de útstjoering fan de gearfettings fan 'e wedstriden yn 'e earedivyzje. Dy oerienkomst, dy't de NOS 21 mljoen euro kostet, smyt foar Hearrenfean sa'n 3 miljoen euro op.

Oer de ferkeap fan de rjochtstreekse útstjoerings fan de wedstriden troch de earedivyzjeclubs is Kuiper hoopfol. Mar it moat neffens him noch blike hoe't dit oanslaan sil yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)