Kolleezje moat PS byprate

Steaten wolle op 'e hichte bliuwe mei bouplannen
Deputearre steaten moatte tenei provinsjale steaten op de hichte stelle by problemen mei de nijbou fan it provinsjehûs. Dat sizze de fraksjelieders fan de partijen yn de steaten.
It giet dan om de oanbesteging fan de bou. Yn dy proseduere moat ek fêstlein wurde dat provinsjale steaten noch meiprate kinne oer wa't úteinlik de bou-opdracht krijt. Oer de nijbou fan it provinsjehûs is in soad te dwaan.