Boppeskoalske direkteur fuort

11 mrt 2008 - 11:39

Direkteur Huisman fan de boppeskoalske organisaasje yn Boarnsterhim leit syn funksje del. Dat hat er besletten yn oerlis mei it bestjoer.

Huisman hie de lieding oer de boppeskoalske organisaasje doe't de krisis mei basisskoalle it Raerderhiem yn Raerd spile. Dêr waard in juf op non-aktyf set, tsjin it sin fan de âlders fan de learlingen. Nei in soad protest mocht jug Sieb Stroosma weromkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)