Cambuurmanlju op Cruijff Court

© Omrop Fryslân
De spilers fan Cambuur fuotbalje ynkoarten net allinich mear op har eigen fjild. Se sille sa no en dan ek útwike nei it nije Cruijff Court yn Ljouwert om mei de jongerein út de stêd te fuotbaljen.
Cambuur sa wat foar de jeugd dwaan. Yn in wyk tichtby it Cambuurstadion is moandei úteinset mei de oanlis fan it Cruiff Court. Dit fjildsje kostet in ton en wurdt foar de helte betelle troch de Cruijff Foundation.