Twadde boek tv-kok Reitse

10 mrt 2008 - 17:40

It boek Lekker ite mei Reitse is sawat útferkocht. Fan de earste oplage fan 5000 eksimplaren binne der, sûnt maaie 2007, al 4500 ferkocht. Dat oertreft neffens útjouwerij Afûk alle ferwachtings.

It tv-programma Lekker ite mei Reitse fan tv-kok Reitse Spanninga fan De Jouwer is al in skoftke in grut súkses. Foar de Afûk reden om in twadde boek op 'e merk te bringen. Diel 2 moat yn novimber útkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)