Kamera's tsjin fernieling Waag

Yn de binnenstêd fan Warkum moatte miskien wol kamera's komme, om de monumintale Waag yn de gaten te hâlden. Dat tinkt koördinator Henk Visser fan de VVV fan Warkum.
De Waag is in jier lyn hielendal opknapt oan de bûtenkant, mar de lêste moannen is der fan alles fernield. Nei alle gedachten wurdt de skea oanrjochte troch groepen jongeren dy't jûns en nachts by de Waag omhingje.