Multikulti-debat by Nijpels
Jongeren út ferskate kulturen prate kommende woansdei meiïnoar op de pleats fan kommissaris Nijpels yn Diken. It idee foar dat debat komt by Nijpels sels wei. Hy krige ferline jier hantekens oanbean fanwege de aksje 'In vrijheid verbonden'. Nijpels miste doe de miening fan de jongeren.
Ien fan de organisaasjes achter it debat is Kleurrijk Fryslân.