Joop Braakhekke by benefyt

10 mrt 2008 - 16:11

Joop Braakhekke wurket mei oan de benefytaksje foar it slim sike jonkje Tom út Grou. Freonen fan de famylje Philips sammelje mei de aksje "Tom on the move" jild yn foar in rolstoelauto. Om dy foar Tom betelje te kinnen wurde no freed en sneon yn Aldskoat benefytdiners hâlden. Joop Braakhekke sil freedtejûn as feilingmeester optrede.

Tom hat de ûngenêslike sykte Jansky Bielschowsky.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)