Spul om foarrydkosten

10 mrt 2008 - 15:04

In sjauffeur fan de Ljouwerter Dierenambulance is dit wykein hurd oanpakt troch de eigners fan in hûn dy't yn de ambulance siet. It hûntsje wie oanrûn by minsken dy't de Dierenambulance bellen.

De eigner fan it bist meldde har by de meiwurkers fan de ambulanse. Hy wie it net iens mei de foarrydkosten dy't de Dierenambulance rekkenet en naam dêrop de sjauffeur yn de houdgreep, it hûntsje waard troch oaren meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)