Earste aai Weststellingwerf

Stapensea wiist Van Klaveren oan wêr't er it earste aai fûn
Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf hat moandeitemoarn it earste ljipaai fan syn gemeente yn ûntfangst naam. It aai waard sneon fûn troch Klaas Stapenséa fan Emmeloard. Dy fûn al seis kear earder it earste ljipaai fan in Fryske gemeente, mar noch nea dat fan Weststellingwerf.
Stapenséa is lid fan de fûgelwacht yn Frjentsjer en IJsselham. Hy hat fan de gemeente in oarkonde en fyftjin euro krigen.