Ljepbûn oer op digitaal mjitte

de ôfstân fan de sprong wurdt no digitaal metten
It Frysk Ljeppers Boun (FLB) begjint fan dit seizoen ôf mei in digitale mjitmetoade. Dat betsjut dat der in ein komt oan 50 jier mjitten mei de hân. It fierljepseizoen begjint op 10 maaie yn Burgum.
In digitale metoade is folle krekter as it mjitten mei de hân en ek folle flugger. Yn earste ynstânsje wurdt soks allinnich yn Fryslân ynfierd, letter docht mooglik ek de Polsstok Bond Holland mei.