Flaggen DVC wolle net baarne

10 mrt 2008 - 12:11

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat it ekstreem drok mei de produksje foar it EK fuotbal yn juny en de Olympyske Spelen yn augustus. In part fan de ekstra flaggen wurde dêrom makke by de festiging yn Sina. De produksje is fjouwer kear sa heech as gewoanlik.

De flaggen wurde brânfertragend makke. De trijekleur kin dan net yn de brân stutsen wurde by demonstraasjes. Dat soe it gefal wêze kinne as de film fan Geert Wilders útkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)